Fries

Hieronder staan toneelstukken en musicals in het Fries geschreven zijn.
Onder elke samenvatting staat een link naar de zichtversie van het script. Als u wilt kunt u het script direct bestellen. Dit kan door via iDeal te betalen, u ontvangt na betaling een code waarmee u het script direct kunt downloaden. Ook kunt u via overboeking betalen.

Mocht u gerichter willen zoeken, bijvoorbeeld op aantal rollen of tijdsduur dan kunt u dat doen via de pagina zoeken.

Teater Kafee De Gulle Lach

Auteur : Remco Klop & Marjon Dobbe
Spelers: : 21 open
Prijs : €107,10
Tijdsduur : meer dan 60 minuten

It stik spilet him ôf yn kafee De Gulle Lach, eigendom fan de famylje Pavlou , fan oarsprong in Grykske famylje. It kafee is, yn de tsien jier dat it iepen is, tige populair by de buert bewenners. Elkenien kin it kafee en de famylje en mei graach efkes delkomme.
Foaral de sneontejûnen, wannear’t der Iepen Poadium hâlden wurdt, wurde drok besocht. In soad besikers hawwe der troch de jierren hinne al optreden, faak mei ferraskjende foarstellingen.

No driget echter it gefaar foar sawol de buert as it kafee. Twa louche projekt- ûntwikkelders, Bot en Beenhouwer, binne dwaande hûzen yn de buert op te keapjen en dernei ôf te brekken mei as doel op de romte dy’t frijkomt in grut kantoarekompleks te bouwen mei in rjochtstreekse ferbining nei it fleanfjild. Ek it kafee fan de famylje Pavlou, dat midden in de buert stiet, sil der oan leauwe moatte. De twa projekt ûntwikkelders hawwe der alles foar oer om harren plannen te ferwêzenlikjen ,en, wannear’t se ek noch efter in goed bewarre geheim fan de famylje komme, liket neat harren mear yn’ t paad te stean. Of dochs wol.....

De teksten binne yn it Nederlânsk ynsongen, de Fryske teksten, (oersettingen), binne te finen oan it ein fan de musical!

Geluidsfragment: Dit is je kans


Geluidsfragment: Kom maar op


It boek fan Sinterklaas

Auteur : Jettie Zijlstra
Spelers: : 2 mannen, 2 open
Prijs : €35,70
Tijdsduur : 15 minuten

De boargemaster wachtet mei spanning op de komst fan Sinterklaas. De boargemaster is foaral benijd nei wat foar kadootsjes er krijt. Foarich jier krige hy in lyts kadootsje omdat hy net aerdich tsjin ‘e minsken die. Wat sil er dit jier krije? As de haedpiet alfêst it boek fan Sinterklaas klear leit kin de boargemaster it net litte om der yn te sjen. Ta syn skrik sjocht de boargemaster dat hy ek dit jier wer in lyts kadootsje krije sil, omdat hy noch hyltiten net aerdich docht tsjin ‘e minsken. De boargemaster beslút om wat dinkjes te foaroarjen yn it boek fan Sinterklaass. De fiets wie eins foar immen oars, mar de boargemaster wikselt de kadootsjes gewoan om. Plysje Dykstra betrapet de boargemaster, mar doart neat tsjin de haedpiet te sizzen. De boargemaster hat nammentlik drige om Dykstra te ûntslaen at er ek maer wat fertelle soe. Sil Sinterklaas der efter komme dat immen oars yn it boek skreauwn hat? En krijt eltsenien dochs de kadootsjes dy’t se fertsjinje?


Linkpartners